Basisskoalle Hearrenfean ticht

31 maaie 2006 - 17:24

Basisskoalle De Bernebrêge op It Hearrenfean sil nei de simmerfakânsje slute. De Jenaplanskoalle telt nei de fakânsje noch mar 45 learlingen. Neffens de iepenbiere skoalle-koepel De Basis foldocht de skoalle dan net mear oan de easken dy't steld binne troch âlden, dosinten en direksje.

De skoalle soe ferhúzje en opgean in in nije brede skoalle yn de nijbouwyk Skoatterwâld. De bern kinne no nei de simmerfakânsje nei skoalle De Ynlaet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)