'Priis' foar reklameskiepprotest

31 maaie 2006 - 17:02

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân krijt in keunstwurk as dank foar syn opstelling yn de kwestje-reklameskiep. Byldzjend keunstner Ids Willemsma en arsjitekt Jelle de Jong jouwe him in wurk makke troch Willemsma. Beide manlju meitsje harren soargen oer it oansicht fan it Fryske lânskip.

De reklameskiep hawwe dekjes om mei de namme fan in bedriuw derop. Neffens Kuiper wurdt sa besocht om ûnder de regels út te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)