ONS ferliest yn Spakenburg

© Omrop Fryslân
ONS Snits hat tiisdei yn de striid om de sneonsamateurtitel ferlern fan IJsselmeervogels. Yn Spakenburg waard it 4-2 foar de thúsploech. Troch dit resultaat hat ONS de kânsen net mear yn eigen hân. IJsselmeervogels hat no mei 5 punten út trije wedstriden de bêste kânsen op de titel. ONS hat twa punten út trije wedstriden.
ONS moat noch ien wedstriid spylje: pinkstermoandei op it eigen fjild tsjin Rijnsburgse Boys.