Omwenners tsjin sintrale Omrin

31 maaie 2006 - 16:36

Ynwenners fan Haskerdiken en Nijebrêge stappe mooglik nei de rjochter as ôffalferwurkingsbedriuw Omrin in reststoffe-enerzjysintrale bouwe wol op it terrein De Wierde by De Jouwer.

Dat sei Pleatslik Belang tiisdeitejûn by in gearkomste fan Omrin. De ôffalferwurker prate tiisdetejûn mei omwenners oer de mooglike komst fan de sintrale. Omwenners binne benaud foar útstjit fan gefaarlike stoffen. Neffens Omrin is dêr gjin sprake fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)