Fermiste jongen wer fûn

31 maaie 2006 - 12:25

De jongen fan 13 út Holwert, dy't sûnt tiisdeitemoarn fermist wie, is werom fûn. De jongen gie nachts út syn âlderlik hûs wei en wie de hiele dei spoarleas. De plysje hat mei man en macht op syk west nei de jonge. Under oare mei in helikopter waard de omjouwing ôf socht.

Tiisdeitejûn om goed sân oere kaam de jongen wer boppe wetter. Wêr't er yn de tuskentiid west hat is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)