Jild foar projekt dôven

31 maaie 2006 - 11:42

It Frysk sintrum foar dôven en minsken dy't min hearre, krijt hast 70.000 euro fan de provinsje Fryslân. It sintrum krijt it jild foar in projekt foar it ferbetterjen fan de tagonklikens fan iepenbiere loketten.

Op it stuit soene de loketten fan gemeentes, UWV's en CWI's net goed tagonklik wêze foar dôven. Mei bettere foarljochting hopet it sintrum dat te feroarjen. Ek 31 oare sosjale projekten krije jild fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)