Protokol foar bernemishanneling

31 maaie 2006 - 09:52

Der komt in nij protokol foar bernemishanneling yn Fryslân. It sil benammen rjochte wêze op âlden dy't harren bern mishannelje. Wurknimmers yn de berneopfang moatte de sinjalen fan mishanneling earder oppakke. Dat waard tiisdei dúdlik op de earste Dei fan de Berneopfang.

De berneopfangdei waard hâlden yn opliedingssintrum Friese Poort yn Snits. In meiwurker fan de GGD joech dêr in workshop oer bernemishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)