TBC-gefal op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan de gemeente It Hearrenfean (53) hat in besmetlike foarm fan tuberkuloaze. De man hat yn sikehûs De Tjongerskâns lein en is ûnderwilens begûn mei de medikaasje.
De GGD is lykas gebrûklik yn sa'n gefal mei in 'kontakte-ûndersyk' begûn. Utsocht wurdt mei wa't de besmette persoan allegearre omgien is. Elkenien dy't yn oanmerking komt foar it TBC-ûndersyk wurdt sa gau mooglik op 'e hichte brocht.