Einekoai Feanwâlden opknapt

© Omrop Fryslân
De einekoai fan Feanwâlden is wer yn eare hersteld. De âlde koai oan de Johanneswâld wie fertuteaze troch omhingjende jeugd en dumpôffal. Op inisjatyf fan doarpsbelang Feanwâlden hat de gemeente Dantumadiel de einekoai opknappe litten.
De opknapte einekoai waard tiisdei yn gebrûk nommen. Der sitte noch gjin einen yn. De opknapbeurt hat 170 tûzen euro koste. De gemeente Dantumadiel hat dêr 80 tûzen fan betelle.