Undersyk minne lucht op skoallen

30 maaie 2006 - 16:41

De SP yn Ljouwert wol fan it gemeentebestjoer witte hoe't de luchtkwaliteit op skoallen is. It televyzjeprogram Twee Vandaag melde dat by acht op de tsien skoallen de kwaliteit fan de lucht tige min is. By guons is it twa oant trije kear sa min as yn kantoaren en finzenissen.

De Ljouwerter SP wol witte oft dit op skoallen yn de Fryske haadstêd ek it gefal is en wat dêroan dien wurdt of wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)