Ferkearsgaos troch brân op A7

© Omrop Fryslân
Brân op in frachtwein hat tiisdeitemoarn foar in grutte ferkearsgaos soarge op de A7. Tusken Drachten en It Hearrenfean fleach by Lúkswâld in trúck mei hea yn 'e brân.
It ferkear tusken De Tynje en It Hearrenfean hat oardel oere fêstsitten fanwege de brân. It hea is mei in griper fan de frachtwein helle om de brân út meitsjen. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.