Online kaartferkeap Jorwert
Kaarten foar it iepenloftspul Jorwert wurde net langer tillefoanysk ferkocht. De kaarten wurde tenei ferkocht fia it ynternet en op 7 fêste ferkeappunten. It bestjoer fan it iepenloftspul Jorwert hat dit besletten.
De ferkeap fan kaarten begjint dit jier op 3 juny. Yn de tún fan de notaris fan Jorwert wurdt tsien kear it stik 'Alles út' opfierd. De premjêre is op ien septimber.