It Amelân hat nije boargemaster

© Omrop Fryslân
Albert de Hoop (47) fan Langwar wurdt de nije boargemaster fan It Amelân. De ried stimde moandei unanym foar de beneaming fan De Hoop. Hy wurket op dit stuit noch as direkteur by it CJIB yn Ljouwert. De Hoop hat 12 jier polityk aktyf west foar D66 yn de gemeenteried fan Skarsterlân.
De Hoop folget ynterim-boargemaster Lesterhuis op dy't begjin dit jier de foarsittershammer oernaam fan boargemaster Paul Verhoeven.