Benefyt foar bernedeiferbliuw

30 maaie 2006 - 11:28
Foto: Omrop Fryslân

Der komt in benefytkonsert om nij guod te keapjen foar medysk bernedeiferbliuw It Mearke yn Boalsert. Yn koarte tiid is twa kear ynbrutsen yn It Mearke. Dêrby binne ferskate kompjûters, digitale kamera's en byldskermen meinaam. Ek binne in soad laden en papierkasten leechhelle.

It evenemint sil plakfine op sneon 15 july. De optredens wurde fersoarge troch No Rules en 'de Fryske Paul de Leeuw' Jan de Haan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)