Vaatstra-demonstraasje giet oer

© Omrop Fryslân
De Vaatstra-demonstraasje, woansdei op it Saailân yn Ljouwert, giet net troch. Dat is besletten nei oerlis mei de gemeente en de plysje. Wol sil de organisaasje 'yn lytsere rûnte' in petysje oan justysje oerlangje.
De organisaasje easket in grutskalich DNA-ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra. Justyje hie de saak al ôfsletten, mar keamerlid Nawijn soe nije gegevens hawwe, dy't ta de oplossing fan de saak liede kin.