'Vaatstra-demo misbrûkt nammen'

30 maaie 2006 - 00:00

De organisatoaren fan de Vaatstra-manifestaasje meitsje misbrûk fan de namme fan de artyst. Dat fynt it management fan Jan Smit. Smit en Gerard Joling sille net optrede by in protestgearkomste om justysje derfan te oertsjûgjen dat der in grut DNA-ûndersyk komme moat yn 'e saak.

It ferhaal is troch Nationaal FM de wrâld ynbrocht, sa seit it Jan-Smit-management. De stjoerder wie net berikber foar kommintaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)