Marja v.d. Meer wethâlder PvdA

© Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Marja van der Meer fan de PvdA yn Menameradiel is troch har partij foardroegen as wethâlder. Van der Meer is 36 jier, komt út Ingelum en wurket no by de Aegon. Sjef van der Lubbe fan Marsum folget har op as fraksjefoarsitter.
Mei de foardracht fan Van der Meer is it kolleezje fan Menameradiel lang om let rûn. It nije kolleezje is it earste fan Fryslân dat folslein út froulju bestiet.