Peazens & Moddergat ferdwine

© Omrop Fryslân
It bekende radioprogramma 'De Gezamenlijke Zenders Peazens & Moddergat' fan 'e VPRO ferdwynt. It programma fan 'e Ljouwerter Wim Bloemendaal hie altiten bysûndere belangstelling foar muzyk út Fryslân.
It is ien fan de langst rinnende muzykprogramma's fan 'e Nederlânske radio mei in noas foar eigensinnige muzyk. It programma ferdwynt mei yngong fan 31 maaie. Oant septimber wurde âlde ôfleverings werhelle.