'Ek jild foar lyts waadprojekt'

© Omrop Fryslân
Der moat net in minimum steld wurde oan de subsydzje út it Waadfûns. Dat fynt de Raad voor de Wadden. It fûns is ynsteld om de natuer of de ekonomy yn it waadgebiet te fersterken, as kompinsaasje foar de gasboarings.
It regear wol dat allinne grutte projekten subsydzje krije út it fûns en wol dêrom in minimum-subsydzjegrins ynstelle. De Raad voor de Wadden is it dêr net mei iens en fynt dat ek lytse projekten wearde ha kinne.