Grut wetterprojekt Skarsterlân

29 maaie 2006 - 15:55
Foto: Omrop Fryslân

De ried fan Skarsterlân beslist ynkoarten oer de finansiering fan achttjin projekten dy't te krijen ha mei wetter. De projekten meitsje diel út fan it Wetterplan dat de gemeente Skarsterlân en it Wetterskip makke ha.

De projekten dy't earst oan bar binne, moatte de oerlêst fan grûnwetter beheine en de kwaliteit fan it wetter ferbetterje. Letter wurdt ynset op bygelyks it oantrekliker meitsjen fan De Jouwer foar sloepen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)