Fabriek en De Jong nei EK

© Omrop Fryslân
Dirk_Fabriek fan Jobbegea en Jannick_de_Jong fan De Gordyk hawwe harren sneon pleatst foar de Europeeske Kampioenskippen Gersbaan yn Frankryk. Grutte man by de gersbaanraces op ´e Gordyk wie Dirk Fabriek. Hy wûn alle races dêr´t er oan meidie en kaam ek yn ´e A-finale as earste oer de streek.
Jannick_de_Jong hie yn ´e finale in minne start, mar hy waard likegoed twadde.