Twa kettingbotsingen

29 maaie 2006 - 10:57

Der ha snein twa kettingbotsingen west yn Fryslân. Yn Hurdegaryp rekke dêrby in frou út Bûtenpost licht ferwûne. Sy stoppe foar in auto dy't stilstie om ôf te slaan. De autobestjoerder achter har seach te let dat sy stilstie en ried op har yn.

Yn Snits wiene fiif auto's belutsen by in kettingbotsing op de rûnwei. In frou út Hearrenfean rekke dêrby ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)