Cokedealer oanhâlden op Nijstêd

29 maaie 2006 - 10:35

De plysje hat sneintemoarn in man út Swolle (20) oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs. Dat barde yn in horekabedriuw op de Nijstêd. Befeiligingmeiwurkers fan 'e saak hiene wyt poeier oantroffen by de fertochte. Dizze bea hjirop jild oan om te foarkommen dat de plysje warskôge wurde soe.

De meiwurker trape hjir net yn. Oan it buro die bliken dat hy mear as 20 gram coke en in soad jild by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)