Feddema: útkearings goed hifkje

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat ûndersykje hoefolle wurkleazen op dit stuit ûnterjochte in bystânsútkearing krije. Dat wol de Ljouwerter VVD. De partij tinkt dat de gemeente tûzenen euro's besparje kin as dy minsken opspoard wurde. Wurdfierder Feddema tinkt dat tsientallen minsken dy't bystân krije eins in taslach fan it UWV hearre te krijen, mar dêr is in wurk-efterstân. Yn Apeldoorn koe de gemeente by sa'n ûndersyk 9 euroton besparje.