De Haan praat mei Collins John

29 maaie 2006 - 10:10

Bûnscoach Foppe de Haan fan Jong Oranje en spits Collins John hawwe har mieningsferskil meiinoar útpraat. De Haan wie freed min te sprekken oer de ynfalbeurt fan John yn 'e wedstriid tsjin Denemarken en sei dat ek tsjin de parse. John wie dêr net bliid mei.

De Haan fynt dat John te folle út is op eigen súkses en te min yn it belang fan it team spilet. "Collins is it mei myn krityk iens", seit De Haan. "Mar we sille it der net mear oer hawwe."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)