Plysjekontrôle op sportfiskers

29 maaie 2006 - 10:04

De plysje Fryslân hat sneon yn de Alde Feanen en by Terherne 45 sportfiskers kontrolearre yn it ramt fan it projekt Lit De Iel Rinne. De resultaten fan 'e aksje wurde troch de plysje bemoedigjend neamd. Der waard ien fiskstreuper oanhâlden by Terherne. Syn iel waard yn beslach nommen.

Fjouwer fiskers krigen in bekeuring omdat se gjin fiskakte by har iene. Ien fisker krige in bekeuring foar it fiskjen mei libben ies.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)