Partoer Joostema wint Berltsum
De frije formaasjepartij foar froulju yn Berltsum waard snein wûn troch Maaike Joostema, Inge Algra en Romy van der Veen. Yn in iensidge finale wûnen sy mei 5-1 en 6-4 fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.
It partoer fan Gejanne Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema pakte yn Berltsum de lytse preemje.