Plysje trapearret autokreaker

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn om 6 oere hinne op it Hearrenfean in 21-jierrige autokreaker op 'e die trapearre. Plysjeminsken seagen dat de fertochte op it Breedpaad wat fuortgoaide. It die bliken dat it om in akkulader gie.
Doe't de plysje achter de tsjerke in iepenbrutsen auto fûn waard de kombinaasje mei de akkulader gau makke. It linkerfoarrút fan 'e auto wie ynslein. De fertochte is ynsletten foar neier ûndersyk.