Mous kritysk oer Akerboom/Nawijn

28 maaie 2006 - 13:20

Justysje wol graach de ynformaasje ha dy't âld-resjersjeur Hans Akerboom en Twadde Keamerlid Nawijn sizze te hawwen oer de moard op Marianne Vaatstra. It duo soe fjouwer nammen fan potinsjele fertochten hawwe, mar wolle de nammen net oan justysje jaan.

Parse-offisier fan justysje Henk Mous hat stevige krityk op de hannelwize fan Akerboom en Nawijn. Mar neffens Nawijn soene iepenbier ministearje en de plysje 'net goed meiwurkje'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)