1000 roeiers lâns 11 stêden

© Omrop Fryslân
Freedtejûn binne 1000 roeiers yn de Prinsetún yn Ljouwert starten foar de alvestêdetocht. Dat is de swierste roeitocht fan Fryslân. De roeiers hoege net it hiele ein te roeien, want der wurdt roeid yn estafette-foarm. As alles goed ferrint, sille de earste teams sneontemiddei om goed ien oere wer yn Ljouwert oankomme.
De organisaasje hopet dat it winnende team fan dizze 21e edysje de snelste tiid ea roeie sil.