Van Lunzen 3e yn Nacht fan Grins

27 maaie 2006 - 14:01

Remon van Lunzen (37) út Ljouwert is freed tredde wurden yn de Nacht fan grins. De heale maraton troch it Grinzer sintrm waard wûn troch de Keniaan Timothy Karanu yn in tiid fan 1.05.48. Van Lunzen kaam oer de streek yn in tiid fan 1.13.23.

Yvonne Georg út Veendam wie de rapste frou. Har winnende tiid wie 1 oere, 22 minuten en 24 tellen. Petra Hasper út Meppel waard twadde, Christien Koning út Grins tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)