Rekordpoging Snits giet troch

© Omrop Fryslân
De rekordpoging fan de ûndernimmersferiening fan Snits om de grutste oranjekoeke fan de wrâld sjen te litten giet sneon gewoan troch. Troch in fersin waard freed op de radio sein dat it yn ferbân mei it minne waar net trochgean soe, mar dat is dus net sa.
De oranjekoeke stiet yn in grutte tinte en hat dus gjin lêst fan it waar. Sneontemoarn 10 oere kin elk in stikje priuwe.