Akerboom: plysjes wolle helpe

© Omrop Fryslân
Plysjes fan bûten Fryslân wolle meiwurkje om de moard op Marianne Vaatstra op te lossen. Dat seit Hans Akerboom, dy't op fersyk fan Hilbrand Nawijn ûndersyk docht nei de moard op Marianne Vaatstra.
It team fan Nawijn hat sa'n 40 tips krigen en hat fjouwer potinsjele dieders op it each. Fan dy fjouwer wurkje der twa by de plysje. It iepenbier ministearje is nijsgjirrich nei it ûndersyk fan Nawijn.