Spektakel by Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
De stedsgrêften fan de Ljouwerter Nijstêd sille allegear baarne mei de slotmanifestaasje fan Friesland Vaart. It wetterevenemint fynt plak yn de lêste wike fan juny. De float einiget yn Ljouwert.
Op freed komme der 600 skippen nei de haadstêd en der wurde 25.000 besikers ferwachte. It klapstik is sneontejûn it Frânske fjoerteater Carabosse. De kosten, sa'n 30.000 euro, wurde betelle út it stedskonvenant.