Steuring ynternetbankieren FB
Ynternetbankieren fan de Friesland Bank is al trije dagen net berikber. In steuring yn de software hat derfoar soarge dat 18.000 klanten net har rekkens fia ynternet betelje kinne.
Sûnt woansdei wurdt al besocht de saak wer klear te krijen, mar oant no ta is dat noch net slagge. Ek is der gjin sicht op wannear't it wol wer klear wêze sil.