Súkses foar roeier Hamburger
Op de earste dei fan de roeiwedstriden om de wrâldbeker yn München hat Sjoerd Hamburger him pleatst foar de heale finale.
Op de Olympyske baan yn Beieren kaam de Aldeberkeaper yn de kwart finale as twadde oer de einstreek. Dat wie genôch foar in plakje yn de heale finale. Sjoerd Hamburger roeit freed de heale finale.