Klopstra útskeakele op EK judo

© Omrop Fryslân
Judoka Nynke Klopstra fan Gytsjerk is op it Europeesk kampioenskip yn it Finske Tampere útskeakele foar in medalje. Klopstra ferlear al yn 'e earste ronde fan de Belgyske Leen Dom. Dom lei der sels in ronde letter ek al út. En dêrom wie der gjin werkânsing foar Klopstra.
Klopstra is sûnt ein ferline jier hersteld fan in swiere knibbelblessuere. Dêrtroch siet se hast in jier oan 'e kant.