'Minder nijbou yn Ljouwert'

26 maaie 2006 - 15:31

It tempo moat wat omleech as it giet om nijbou fan wenten yn Ljouwert. Dat hat Corporatieholding Friesland de gemeente Ljouwert advisearre. De Corporaasjeholding basearret it advys op befolkingsprognoazes en de grutte leechstân yn de stêd. It advys past ek goed yn it belied foar de kommende jierren fan de Corporaasjeholding.

De korporaasje bliuwt hûnderten wenten bouwe, mar wol foaral ek de kwaliteit fan besteande wenten ferbetterje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)