SCO ferliest yn degradaasjepoule

© Omrop Fryslân
Kuorbalferieniging SCO út Aldeholtpea hat de tredde wedstriid yn de degradaasjepoule mei 16-18 ferlern fan Deetos. Troch it ferlies stiet SCO no dield lêste mei Oost-Arnhem. Beide ploegen hawwe twa punten út trije wedstriden.
Yn de thúswedstriid tsjin de Dordtenaren wie SCO net de mindere ploech, mar Deetos besliste de wedstriid troch mar leafst alve kear te skoaren út frije worpen.