Heffing foar korporaasjeholding

26 maaie 2006 - 11:54

Corporatieholding Friesland is de kommende tsien jier goed 20 miljoen euro kwyt oan in nije belesting. It giet om de saneamde betelberheidsheffing dy't it ministearje fan Folkshúsfesting de wenningboukorporaasje opleit.

Jierliks rekket de korporaasjeholding sa tusken de oardel en twa miljoen euro kwyt. Bestjoerder Jos Herberigs stiet net achter it prinsipe fan dizze heffing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)