Fytser (20) ferwûne by ûngelok
In jonge fan 20 jier út Ljouwert is yn de nacht nei freed ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer fytste oer de Hoekstersingel, doe't der fan de oare kant ek in fytser oankaam.
De manlju botsten tsjin inoar oan, wêrtroch de Ljouwerter ûnderút gong. De oare man fytste gewoan troch. De Ljouwerter rekke ferwûne oan it gesicht en moast nei it sikehûs.