Peijs: 'Gjin nut Suderseespoar'

26 maaie 2006 - 11:15

De Suderseeline sil it Noarden neat opleverje en is net te beteljen. Dat seit minister Peijs fan Ferkear. Se reagearret dêrmei op aksjes fanút it Noarden om de flugge treinferbining wól trochgean te litten.

It kabinet wol it projekt skrasse om't 'nut en needsaak' net oantoand binne. De minister hat in ûndersyk dien yn opdracht fan de Keamer, dy't sels ek twifele oft de treinferbining der wolle komme moast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)