Auto yn sleat by It Hearrenfean

26 maaie 2006 - 11:11
Foto: Omrop Fryslân

In 18-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is tongersdeitejûn mei syn auto yn de sleat riden. De man ried op de A32 doe't er útwike moast foar in oerstekkende ein. Dêrby rekke de man de macht oer it stjoer kwyt.

De auto kaam ta stilstân yn de sleat. Hy is mei de ambulânse nei sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)