Plysje siket bromfytser

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in bromfytser dy't woansdeitemoarn yn Feanwâlden in 13-jierrich famke oanriden hat en doe trochriden is. Dat wie by de Suderhegewei rjochting Burgum, by de ôfslach Feanwâldsterwâl.
De brommer rekke by it ynheljen it fytsende famke fan achteren. Se waard in stik meisleurd troch de brommer en foel doe op de dyk. De bromfyts is giel fan kleur en de brommerrider hie in swarte helm op.