Deadlik ûngelok yn Drachten

26 maaie 2006 - 09:56

In 68-jierrige fytser is woansdeitemiddei yn Drachten omkommen by in ferkearsûngelok. Hy waard by it oerstekken fan De Lauwers oanriden troch in auto, bestjoerd troch in 57-jierrige plakgenoat.

De fytser foel dêrby mei de holle op de grûn. De plysje en de helptsjinsten wiene der gau by. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr ferstoar de man oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)