Nee-stim wint, mar net genôch

© Omrop Fryslân
19.473 Ljouwerters stimden woansdei tsjin it projekt Nij-Saailân, 11.885 minsken stimden foar it projekt. De útslach betsjut dat de plannen trochgean kinne, om't de nee-stimmers 2.000 stimmen te koart kamen foar in saneamde kwalifisearre mearderheid.
Neffens de referindum-feroardering is de útslach binend as in stânpunt in kwalifisearre mearderheid hellet. No't dy mearderheid der net is, wurdt it beslút fan 'e gemeenteried útfierd.