Kontrôle rekreaasjeferkear

25 maaie 2006 - 15:57

De plysje hat woansdei op twa plakken yn Fryslân rekreaasjeferkear kontrolearre. De klam lei benammen op oanhingweinen en fytsedragers. De kontrôles wiene yn Appelskea en Snits.

Op de N381 by Appelskea waarden 13 bekeurings útdield. Der ried minder fakânsjeferkear as oars, sa makket de plysje bekend. Op de Lorentzstrjitte yn Snits waarden trije bekeurings útdield. Njonken boetes joech de plysje ek in soad previntive advizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)