Ljouwerters oppakt foar ynbraken

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat mei de oanhâlding fan fjouwer manlju sân ynbraken en stellerijen oplost. De fertochten binne yn de leeftyd fan 27 oant 31 jier en komme út Ljouwert.
Se soene taslein ha yn maart en april. Twa fan har waarden op de die betrape by it stellen fan monitors by in bedriuw oan de Edisonstrjitte yn Ljouwert. By it plysje-ûndersyk die bliken dat se gearwurken mei noch twa oare manlju. Dy sieten al fêst.