Scheffer nije boargemaster Harns

25 maaie 2006 - 14:15

De 58-jierrige Paul Scheffer út Vlaardingen wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Harns. Dat hat foarsitter Boskma fan 'e fertrouwenskommisje woansdei bekend makke. Scheffer is lid fan 'e VVD. Hy folget Chris Arlman op, dy't op 1 july mei pinsjoen giet.

Scheffer wie earder wethâlder yn Zoetermeer en Vlaardingen. Foar syn politike wurk wurke de man yn ferskate funskjes by de KLM.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)