Smookferbod Opsterlân ynlutsen
De gemeente Opsterlân hat it smookferbod en it ferbod op iepen fjoer yn bosken en natuergebieten woansdei ynlutsen. Boargemaster en wethâlders kamen moandei 8 maaie mei de maatregel.
De natuer wie doe hiel droech, wêrtroch der brângefaar wie. Mar troch de omslach fan it waar is dat gefaar der net mear.